Menu
Sluiten

Op ‘e nij subsydzje beskikber foar Frysk ûnderwiis

2 februari 2022

Ek dit jier is der wer subsydzje beskikber foar it fuortsterkjen fan it Frysktalich ûnderwiis. Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 14 febrewaris ôf in subsydzje oanfreegje. Der is û.o. subsydzje beskikber foar it oplieden fan dosinten, it oanskaffen fan ekstra lesmateriaal en it frijroasterjen fan ûnderwiispersoniel foar it ferbetterjen fan it fak Frysk. De subsydzjeregeling is ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030.

Lês fierder op de webside fan Taalplan Frysk 2030.

Wolst witte hoet’st dizze subsydzje ynsette kinst yn kombinaasje mei kultuerûnderwiis? Nim kontakt op mei dyn KEK-cultuurverbinder.