Menu
Sluiten

Kant en kleare muzykles foar alle Fryske basisskoallen

9 februari 2022

(scroll voor Nederlandse tekst)

Taal- en keunstorganisaasjes yn Fryslân slane de hannen yn ien en sette fan 8 febrewaris ôf in kant en kleare Fryske muzykles foar basisskoallen klear. Wêrom? Om’t nei alle lockdowns it groepsproses oandacht nedich hat op skoalle. Boppedat hawwe sjongen, muzyk meitsjen en meartalichheid positive kognitive effekten.

De muzykles wurdt fergees oanbean troch SjONG junior, it Fryske sjongfestival foar basisskoallen. De muzykles kin los dien wurde, mar troch it resultaat fan de les yn te stjoeren kinne skoallen har tagelyk ek pleatse foar de grutte finale fan SjONG junior yn De Lawei yn Drachten. De 8 skoallen dy’t har pleatse meitsje ûnder lieding fan Raynaud Ritsma en oare profesjonele muzikanten in eigen liet. Dat proses wurdt registrearre troch Omrop Fryslân Tsjil en is te sjen yn de searje dy’t fan april ôf te sjen is. De muzykles is no online te folgjen. Ynstjoere foar SjONG junior kin oant en mei 11 maart.

Yn ús lân, en dus ek yn Fryslân, wurdt in soad songen. Yn ferskate foarmen, mar ek yn ferskate talen. Hoewol it fanselssprekkend liket, is it net fanselssprekkend dat bern op de basisskoalle sjongen leare of yn de frije tiid yn in band of in koar. Al hielendal net as it giet om de eigen taal, it Frysk. SjONG junior springt dêr op yn mei dizze kant en kleare muzykles én it sjongfestival foar basisskoallen. De fakken muzyk en Frysk kinne sa yntegrearre wurde op skoalle.

SjONG en SjONG junior
SjONG junior hjitte earder Sjongfestival en wie it sjongfestival foar Fryske basisskoallen. Dat is it noch hieltyd, mar it is útwreide mei in muzykles, professionele help fan muzikanten en programma’s. It hjit no SjONG junior. SjONG, de sjong contest foar fuortset ûnderwiis, en Sjongfestival slane dus ek de hannen yn ien. Dit jier fynt SjONG junior plak, takom jier SjONG. SjONG junior is in inisjatyf fan Afûk, Keunstwurk, Cedin en Omrop Fryslân. It wurdt útfierd ûnder de paraplu fan Taalplan Frysk en Méér Muziek in de Klas. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.


Kant en klare muziekles voor alle Friese basisscholen

Taal- en kunstorganisaties in Fryslân slaan de handen in één en zetten vanaf 8 februari een kant en klare muziekles voor basisscholen klaar. Waarom? Omdat na alle lockdowns het groepsproces aandacht nodig heeft op school. Bovendien hebben zingen, muziek maken en meertaligheid positieve cognitieve effecten.

De muziekles wordt gratis aangeboden door SjONG junior, het Friese songfestival voor basisscholen. De muziekles kan los gedaan worden, maar door het resultaat van de les in te sturen kunnen scholen zich tegelijkertijd ook plaatsen voor de grote finale van SjONG junior in De Lawei in Drachten. De 8 scholen die zich plaatsen maken onder leiding van Raynaud Ritsma en andere professionele muzikanten een eigen lied. Dat proces wordt geregisseerd door Omrop Fryslân Tsjil en is te zien in de serie die vanaf april te zien is. De muziekles is nu online te volgen. Insturen voor SjONG junior kan tot en met 11 maart.

In ons land, en dus ook in Fryslân, wordt veel gezongen. In verschillende vormen, maar ook in verschillende talen. Hoewel het vanzelfsprekend lijkt, is het niet vanzelfsprekend dat kinderen op de basisschool leren zingen of in de vrije tijd in een band of koor. Al helemaal niet als het gaat om de eigen taal, het Fries. SjONG junior springt hierop in met deze kant en klare muziekles én het songfestival voor basisscholen. De vakken muziek en Fries kunnen zo geïntegreerd worden op school.

SjONG en SjONG junior
SjONG junior heette eerder Sjongfestival en was het songfestival voor Friese basisscholen. Dat is het nog steeds, maar het is uitgebreid met een muziekles, professionele hulp van muzikanten en programma’s. Het heet nu SjONG junior. SjONG, de zing contest voor voortgezet onderwijs, en Sjongfestival slaan dus de handen in één. Dit jaar vindt SjONG junior plaats, komend jaar SjONG. SjONG junior is een initiatief van Afûk, Keunstwurk, Cedin en Omrop Fryslân. Het wordt uitgevoerd onder de paraplu van Taalplan Frysk en Méér Muziek in de Klas. Kijk hier voor meer informatie.

 

Contactpersoon
Thijs Oudprojectleider Méér Muziek in de Klas Lokaal Fryslân